Jong Hearrenfean winterkampioen nei winst op Jong Excelsior

Jong SC Hearrenfean hat moandeitejûn mei 4-0 wûn fan Jong Excelsior. Troch de oerwinning binne de Feansters winterkampioen yn de beloftekompetysje. Op it keunstgersfjild fan Skoatterwâld makke Michel Vlap yn de 27e minút de 1-0. Yn de twadde helte skoarde Jordy Bruijn nei tsien minuten de 2-0. Hy wie ek ferantwurdlik foar de tredde goal. Yn de 85e minút wie it Luciano Slagveer dy't de 4-0 op it skoareboerd sette.