Drachtster winkellju posityf oer ferkeapen mei Sinteklaas

05 des 2016 - 17:47
  • Drachten

De Drachtster winkellju binne posityf oer de ferkeapen mei Sinteklaas. In koart - net represintatyf - ûndersyk smiet benammen entûsjaste reaksjes op. Sinteklaas hat net allinnich drok op 'en paad west om pakjes, hy wie ek royaler by it kiezen fan kado's. Fan de juwelier oant de tsiisboer en fan de elektroanikahandel oant de banketbakker, se koene allegearre in plus notearje.

De ferwachting fan de Drachtster middenstanners is dat dy trend nei de krystdagen ta allinnich mar fierder trochset wurde sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)