Fytser slim ferwûne by oanriding mei bestelbuske

© Sicco Riedstra
In fytser is sneintejûn slim ferwûne rekke by Fryske Peallen. Op de hoeke fan de Boskdobbe en de Kromhoek waard de fytser tsjin healwei njoggenen oanriden troch in bestelbuske. De fytser is oerbrocht nei it sikehûs. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok barre koe. Oer de identiteit fan de ferwûne fytser en de bestjoerder fan de bestelbus is oant no ta noch neat bekend makke.