Dichter Van der Wal presintearret bondel yn Ljouwert

Dichter Cornelis van der Wal syn sande bondel 'Wolf yn Harnas' is sneintemiddei yn it Ljouwerter kafee 't Lieverdje presintearre. Utjouwer Piter Boersma oerlange it earste eksimplaar fan de bondel oan de dichter.
Neffens Boersma fan útjouwerij Hispel is it net ienfâldich foar útjouwers om Frysktalige dichtbondels út te bringen. "In soad minsken moatte ree wêze om foar neat mei te wurkjen oan it produsearjen fan in bondel. Dan kin it."
By de presintaasje wiene in soad kollega's en freonen fan de skriuwer oanwêzich, lykas Anne Feddema dy't mei Van der Wal al jierren it muzikale Duo von Däniken foarmet. Feddema, Snitser stêdsdichter Henk van der Veer en jong talint Dirk Geerdink droegen foar út eigen wurk.
Wolf yn Harnas telt 33 gedichten, krekt as de seis eardere bondels fan Van der Wal.