FOTO: Earste winterske plaatsjes fan wite natuer
De froast yn kombinaasje mei it dampe waar soarge snein foar moaie plaatsjes. De natuer wie bedutsen mei in tin wyt rûchfroastich laachje. Op de Facebooksite fan Omrop Fryslân kamen allegearre foto's binnen fan de beferzen natuer, bisten en foarwerpen.