Sicko Heldoorn: ''Stap Monasch is ûnbegryplik''

Sicko Heldoorn, prominint Frysk lid fan de PvdA, fynt de stap fan âld-lid Jacques Monasch ûnbegryplik. Dat sei de waarnimmend boargemaster fan Dantumadiel yn it programma Buro de Vries by Omrop Fryslân. Jacques Monasch hat fan 'e wike bekend makke dat er in eigen partij begjint. Earder wie it Keamerlid, dat al tritich jier lid fan de PvdA is, al út de partij stapt en as ienmansfraksje fierder gien. Neffens Heldoorn is it ûnbegryplik dat it Snitser Keamerlid op dizze wize út de partij gien is.
Neffens Heldoorn hat Monasch óf jierren toanielspile, óf der is wat knapt, mar hy is bot teloarsteld oer it gedrach fan it Twadde Keamerlid. Sicko Heldoorn sit op dit stuit yn de advyskommisje kandidaatstelling foar de Twadde Keamer fan de PvdA.