Soarchfrijwilligers socht foar famyljes mei siik bern

Sosjale helpferliening © ANP XTRA
De Stichting ZaZazorg is op syk nei frijwilligers dy't har ynsette wolle foar gesinnen mei in slim siik bern yn Fryslân. It is de bedoeling dat frijwilligers dy húshâldings de mooglikheid jouwe foar wat ûntspanning, sadat se de soarch foar it bern folhâlde kinne. De frijwilligers komme by de minsken thús. Dat kin in inkelde kear wêze, mar ek meardere kearen oer in langere perioade. De frijwilligers kinne ynset wurde om boadskippen te dwaan, te boartsjen mei de bern of foar it oppassen.
It giet net om medyske of ferpleechkundige help. Frijwilligers moatte op syn minst ien dei of in part fan in dei yn de wike beskikber wêze. Ek moatte se harren foar langere tiid oan de stichting ferbine wolle. Frijwilligers krije earst in oplieding fan de stichting foardat se ynset wurde. Belangstellenden kinne harren oanmelde op de webside fan ZaZazorg.