Gemeente Harns ûndersiket wenwinsken 55-plussers

It gemeentehûs fan Harns © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De gemeente Harns begjint in ûndersyk nei de wenwinsken fan 55-plussers. Goed 3.800 ynwenners fan 55 jier en âlder krije dêrfoar in enkête yn de bus. Dêryn kinne se bygelyks oanjaan oft se ferhúzje wolle en wêrom al of wêrom net. Harns sil de kommende tiid oan de slach mei it wenbelied. Dêrby nimt de gemeente de winsken fan de 55-plussers as útgongspunt.
Harns wol fan dy ynwenners ek witte tsjin hokker problemen oft se oanrinne op it mêd fan wenjen. Mei de útkomsten fan de enkête wol de gemeente it wenningoanbod better oanslute litte op de winsken fan 55-plussers. Dat betsjut mooglik dat der mear âldereinwenten komme. De útkomsten fan de enkête wurde takom maitiid ferwachte.