Basketballers Aris kinne net op tsjin Zwolle

Aris Ljouwert © Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris hawwe sneon de thúswedstriid tsjin Zwolle mei 80-87 ferlern. Yn it Kealledykje kaam Aris yn it earste kwart achter mei 15-22. Foar de rêst kaam Aris efkes tichterby, mar dochs giene se de rêst yn mei in achterstân fan 35-44. Ek yn it tredde kwart gie Aris de striid oan en kaam it aardich by: 63-67. Mar yn it lêste kwart koe Aris net mear by Zwolle komme en einige de wedstriid yn 80-87.