BFVW wol ljipaaien yn briedmasine útkomme litte

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten tinkt oer in plan om ljipaaien yn in briedmasine útkomme te litten. Op dizze manier soene der mear ljippen yn it lân komme kinne. Foarsitter Rendert Algra fan it BFVW seit dat dit de manier wêze kin om de delgong yn de ljippestân om te kearen. It BFVW ûndersiket oft it plan helber is. Der soene dan sa'n tsientûzen aaien keunstmjittich útbret wurde moatte.
Hast gjin jonge ljippen
Fia de natuerlike wize groeie op it stuit kwealik jonge ljippen op, omdat rôfbisten it op de aaien foarsjoen hawwe. It BFVW hat de ôfrûne wiken yn regiogearkomsten praat oer it idee fan de briedmasines. Mocht elkenien foar it plan wêze, dan moat der by de provinsje in ûntheffing oanfrege wurde yn it ramt fan de nije Natuerwet. It meinimmen fan ljipaaien mei no net.
Deputearre Johannes Kramer seit yn in earste reaksje posityf te stean tsjinoer dit plan, mar dat der noch in soad útsocht wurde moat oft it wol kin. Heit Sape Miedema fan Boazum en soan Wierd Miedema fan Easterwierrum pleiten earder al by Omrop Fryslân foar briedmasines foar ljipaaien.