Plysje hâldt betize man oan yn Ljouwert

© ANP
In 60-jierrige betize Ljouwerter is freedtejûn oanhâlden troch de plysje. De man wie earst troch de nachtopfang wegere fanwege syn gedrach en gie dêrnei op bleate fuotten nei in kafee oan de Stasjonswei. De eigener joech oan dat hy de man net binnen ha woe, mar dy wegere de saak te ferlitten.
De plysje hat de man meinommen. De betize Ljouwerter krijt psychyske help oanbean.