Cambuur mei 3-1 sneu ûnderút tsjin Jong Ajax

Cambuur gong freedtejûn op sneue wize ûnderút tsjin Jong Ajax. Yn Ljouwert waard it 3-1 foar de Amsterdammers. Cambuur kaam noch wol op foarsprong, mar Jong Ajax hie mar twa minuten nedich om de efterstân om te bûgen yn in foarsprong. Mei in penalty kaam de einstân op it boerd.
De earste helte kende net in soad kânsen. De earste wie foar Cambuur, Jergé Hoefdraad skeat rjocht op de keeper ôf. In skot fan Sander van de Streek gie krekt neist it doel. Ek Jong Ajax wie in pear kear gefaarlik, mar ta goals liede dat net.
Yn de twadde helte wie it Cambuur dat de score iepene. Yn de 62e minút scoarde Hoefdraad, nei in moaie kombinaasje mei Van de Streek. Ek dêrnei wienen de kânsen foar Cambuur, mar it wie Jong Ajax dat scoarde. Frenkie de Jong kopte binnen. In minút letter wie it sels 2-1 foar de Amsterdammers. Pelle Clement scoarde nei in flugge útbraak. Dy tsjinslach kaam Cambuur net mear te boppe.
Yn blessueretiid wie de misêre kompleet, doe't Marvin Peersman nei twa giele kaarten fan it fjild moast. Jong Ajax krige in penalty, dy't Cambuur-doelman Harm Zeinstra yn earste ynstânsje noch tsjinhâlde koe. Mar yn de rebound wie it dochs noch raak foar Justin Kluivert.