Wetterskip Fryslân: "Fosfaat hat ek gefolgen foar ús wetter"

De hiele diskusje oer fosfaat en it grutte oantal kij yn ús lân hat fan alles te krijen mei de kwaliteit fan it wetter dêr't wy yn swimme, op farre of mooglik ek noch op ride sille. Oer it generaal sit der tefolle fosfaat yn ús wetter, al binne der ek gebieten dy't wol oan de noarmen foldogge. Dat seit Wetterskip Fryslân. As der tefolle skitende kij binne, komt der mear fosfaat yn ús wetter. Dêrtroch krije je mear algen en minder trochsicht. En dat hat wer gefolgen foar de fiskstân.
Fosfaat stimulearret groei blau-alch
Ek de blau-alch dy't de swimmers mei waarm waar dwers sit, docht it goed mei in bytsje ekstra fosfaat. Op dit stuit binne kij de grutste boarne fan de stof. Nêst in nasjonale oplossing foar it dwers troch de fosfaatgrinzen hinne buorkjen, wurdt der ek al jierren wurke oan Fryske oplossings. Ien dêrfan is it foarkommen dat dong op it boerehiem yn it wetter bedarret. Dat wurdt yn 'e mande mei boeren al hiel grut oppakt.