Trije manlju oanhâlden nei wylde efterfolging by Grins

© ANP
De plysje hat tongersdeitenacht nei in efterfolging trije ynsittenden fan in auto oanhâlden. It giet om in man fan 28 jier út de gemeente Opsterlân, in 24-jierrrige ynwenner fan De Pein en in man fan 21 jier út Drachten. De plysje woe de trije op it Gedempte Zuiderdiep yn Grins oan de kant sette. It stopteken waard lykwols negearre en de bestjoerder joech fol gas en naaide út.
Meardere plysje-auto's setten de efterfolging yn. Fia de A7 gie it nei Hoogkerk, wêrby't meardere ferkearsoertrêdings plak fûnen. Uteinlik einige de efterfolging yn de James Baldwinstraat yn Grins. Twa plysjeweinen rieden dêr de auto klem op in boartersfjildsje. De trije ynsittenden binne oppakt en sitte fêst op it plysjeburo.