Bom nei 40 jier út 'e sleat helle op Skylge

Op Skylge is woansdei in bom út in sleat helle dy't dêr 40 jier lyn ynsmiten wie. De bom wie doedestiids fûn troch in jonkje, op de sjitrange fan de loftmacht. Hy hie him achter op de fyts bûn en mei nei it húske naam dêr't er mei syn heit en mem mei fakânsje wie. Syn âlden mikten de bom fuortendaliks yn de sleat. Mar it jonkje fan doe is no in folwoeksen man en dy pakte der mei om. Dêrom melde er him in skoftsje lyn op it plysjeburo op Skylge mei it ferhaal.
De Duik- en Demonteergroep út Den Helder hat de bom woansdei út de sleat helle en doe die bliken dat it om in oefenbom gie.