Cambuur wol oanslute by de subtop

01 des 2016 - 13:13

Cambuur spilet freed de thúswedstriid tsjin Jong Ajax. In belangrike wedstriid, want Jong Ajax stiet tredde mei 30 punten en Cambuur njoggende mei 26 punten. Winst soe betsjutte dat Cambuur echt oansluting fynt by de (sub)top fan de Jupiler League.

Jong Ajax spilet nei alle gedachten sûnder Anwar El Ghazi en Donny van de Beek en dat is in foardiel foar de Ljouwerters. Jong Ajax wurdt traind troch âld-Cambuur trainer Marcel Keizer. Yn de opstelling by Cambuur mar ien wiziging: Djavan Anderson spilet foar de blessearre Jordy van Deelen.

Cambuur giet yn de earste wike fan jannewaris op trainingskamp yn Spanje. Yn de buert fan Benidorm moat de basis lein wurde foar in goeie twadde seizoenshelte. Cambuur spilet yn Spanje ien oefenwedstriid. De tsjinstanner is noch net bekend.

Opstelling Cambuur: Zeinstra; Peersman, Schilder, El Baad, Anderson; Bosz, Monteiro, Baskker, Hoefdraad, Van de Streek, Houtkoop.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)