Boutransport troch Deinum foar nije wenwykjes

© OPB, Maikel Galama
Deinum moat de kommende tiid rekken hâlde mei transporten troch it doarp. Dy hawwe te krijen mei de bou fan nije wenwykjes. Op it plak fan de âlde provinsjale dyk en de sportfjilden komme huzen.
It sân en de grûn dy't nedich binne foar de útwreiding, wurde fia in tydlike dyk te plak brocht. Dêrnei wurde foar it ferfier fan oare boumaterialen de gewoane diken brûkt. Omdat dy rûte ek lâns de skoalle giet, wurdt der rekken hâlden mei de skoaltiden. De transporten duorje oant uterlik 1 april.