Earste ierdwaarmtesintrale fan Ljouwert moat yn 2019 draaie

01 des 2016 - 11:33
  • Ierdwaarmte

De earste ierdwaarmtesintrale fan Ljouwert moat begjin 2019 yn bedriuw gean. Dat seit de bouwer en finansier fan de sintrale, it boubedriuw Dijkstra Draisma. De sintrale komt te stean by it WTC en ferget in ynvestearring fan tusken de 30 en 40 miljoen euro.

Foarearst is it de bedoeling dat de gebouwen op it WTC terrein ynklusyf it noch te bouwen Cambuurstadion de enerzjy ôfnimme. Mar der binne ek plannen om de omlizzende wenwyk der op oan te sluten. Yn totaal kin de sintrale op termyn sa'n 15% fan de enerzjybehoefte fan Ljouwert leverje.

Grut belang

Dijkstra Draisma, dat gearwurket mei enerzjyleveransier Ennatuurlijk, helle ôfrûne simmer al in subsydzje fan 72 miljoen euro foar it projekt binnen. Dy is nedich om it projekt yn de earste 15 jier rendabel te meitsjen. Dêrnei moat it projekt him sels rêde kinne. De bedoeling is dat yn de rin fan 2017 begûn wurdt mei it boarjen op de lokaasje nei in djipte fan goed 2 kilometer.

Neffens wethâlder Isabella Diks fan Ljouwert is de nije sintrale fan grut belang yn de oerstapfaze fan de stêd fan fossile brânstoffen nei duorsume enerzjy. Oare boarnen yn dat proses binne sinne-enerzjy, wynenerzjy en biogas.

Mear projekten op stapel

It gebrûk fan ierdwaarmte of geotermy, sa as it yn fakkringen neamd wurdt, is yn Nederlân noch relatyf nij. Yn Fryslân stean noch in tal projekten op stapel. It earste is in ierdwaarmtesintrale foar túnboubedriuw Hartman yn Seisbierrum. Dat bedriuw hat ek al in tasizzing foar 70 miljoen euro subsydzje en wol ek yn 2017 útein sette.

Fierdere plannen binne der by de suvelbedriuwen FrieslandCampina yn Ljouwert en A-Ware op It Hearrenfean. Dy beide projekten gean nei in folle gruttere djipte fan mear as 5 kilometer en sitte noch yn de oanrinfaze.

Bûten Fryslân binne der al in pear sintrales yn bedriuw, bygelyks yn Den Haach, Seelân en Oerisel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)