Heal miljoen euro foar jonge boeren

© Omrop Fryslân
Jonge boeren dy't bygelyks sinnepanielen of wynturbines oanskaffe wolle, kinne opnij subsydzje krije fan de provinsje. Earder wie der ek al sa'n regeling. Doe hawwe 38 boeren subsydzje krigen. Der wie doe in miljoen euro te ferdielen, no is it fûns mar in heal miljoen euro grut. Boeren dy't gading meitsje wolle, meie net âlder wêze as 40 jier.
Eigen fermogen
It idee is dat jonge boeren op in oare wize net maklik oan jild komme kinne foar maatregels om har bedriuw miljeufreonliker te meitsjen. Sy hawwe nei de oername fan it bedriuw faak net in soad fermogen om sels yn it bedriuw te stekken of hawwe al hege skulden by de bank.