Nasjonaal plan om greidefûgels te rêden

30 nov 2016 - 10:53

In mearderheid fan de Twadde Keamer hat ynstimd mei in nasjonaal plan om de greidefûgels te rêden. In moasje fan de ChristenUnie foar bettere beskerming fan boerelânfûgels is ek oannaam. De Fûgelbeskerming is bliid dat de moasje oannaam is.

In pear wiken lyn liet de organisaasje noch witte yn Brussel in klacht yn te tsjinjen om't Nederlân te min dwaan soe oan it beskermjen fan de greidefûgels. Der komt no jild beskikber foar in nasjonaal programma, dêr't provinsjes, boeren, wetterskippen en natuerorganisaasjes yn gearwurkje.

Ien fan de maatregels is om boeren natuerfreonliker buorkje te litten, sadat mear romte foar greidefûgels ûntstiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)