Drokte by postsortearsintrum mei pakketsjes

30 nov 2016 - 10:26

It grutte postsortearsintrum fan PostNL yn Ljouwert belibbet de drokste tiden oait. Der wurdt in berop dien op ekstra materieel sa as weinen dy't ynhierd wurde, mar ek op folle mear personiel as gewoanwei. It postbedriuw ferwachtet in rekôroantal pakketten fan fiif miljoen te ferwurkjen en te besoargjen. Neffens PostNL komt alle dagen by ien op de sân húshâldens yn ús lân in pakketsje.

Yn Ljouwert wurdt earder begûn mei it wurk en de postauto's wurde ek mear fol laden. De drokte mei pakketsjes foar Sinteklaas, de krystdagen en âld en nij sil nei alle gedachten noch wol oanhâlde oant 9 jannewaris sa is de ferwachting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)