Provinsje jout 2,63 miljoen euro foar Lân fan taal

It nije taalpaviljoen fan 'Lân fan taal' op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert
It projekt Lân fan taal krijt 2,63 miljoen euro fan de provinsje om har plannen foar Kulturele Haadstêd 2018 út te fieren. Dat hat Deputearre Steaten tiisdei besletten. Lân fan taal is ien fan de grutste programma's fan Kulturele Haadstêd.
It programma giet oer it Frysk, meartaligens en it belibjen fan taal yn de breedste sin fan it wurd. Sa wurdt op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert in Taalekspo boud, dat it sintrum fan meartaligens fan Europa wurde moat. Dat gebou bliuwt ek nei 2018 op it plein stean.
Minsken mei eigen kulturele inisjativen kinne ek oanspraak meitsje op in diel fan de subsydzje dy't Lân fan taal krijt. Yn 2017 kinne dêr op de provinsjale webside plannen foar yntsjinne wurde.