LDODK wint thús mei 31-26 fan Amsterdammers

De kuorballers fan LDODK ha tiisdeitejûn yn de eigen Gordykster sporthal mei 31-26 wûn fan de Amsterdamske kuorbalferiening AW.DTV. Yn de earste helte namen de Amsterdammers brutaal in maksimale foarsprong fan fiif goals: 8-13, mar sûnder de blessearde André Zwart kaam LDODK werom ta 13-15.
Yn de twadde helte draaiden de Gordyksters de êfterstân om en waard yn de einfaze foar it earst dit seizoen de grins fan tritich goals trochbrutsen. De ynternasjonals Kroon, Boode en Erwin Zwart wienen elk goed foar 6 goals.