Eksposysje opdûkte tekeningen Jopie Huisman noch net wis

29 nov 2016 - 18:46

It is noch net dúdlik wat der bart mei de trije tekeningen fan Jopie Huisman, dy't koartlyn opdûkt binne. Neffens direkteur Zwier Kroese fan it Jopie Huismanmuseum yn Warkum binne it prachtige tekeningen dy't de leafde fan de keunstner foar de natuer goed werjouwe. Hy hopet dat de tekeningen gau tentoansteld wurde kinne yn it museum.

De famylje De Boer út Boalsert fûn de trije tekeningen yn in steapel âlde kalinders fan in rommelmerk. "Ze wilden de kalenders doorscheuren en weggooien, maar bij een kalender lukte dat niet omdat er wat tussen zat", fertelt Kroese. "Toen kwam er een envelop tevoorschijn met de drie tekeningen erin."

De famylje ferkocht se oan húsdokter Pepy Huisman, de soan fan Jopie. It binne trije tekeningen fan krekt nei de oarloch: lânskipkes dy't de keunstner op Teksel makke hat. Ien fan de trije tekeningen is no tongersdei te sjen yn it telefyzjeprogramma Stille Skatten fan Omrop Fryslân. Miranda Werkman ynterviewt dan Pepy Huisman.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)