Nij Cambuurstadion komt definityf by it WTC

29 nov 2016 - 12:59

As Sportklup Cambuur in nij stadion krijt, dan giet dat definityf nei de lokaasje by it WTC. Nijbou op it Cambuurplein is net helber, sa docht bliken út ûndersyk.

Ek it businessplan foar it stadion en de omjouwing is sa goed as klear. De goedkarring hjirfan sil lykwols nei alle gedachten net earder as takom maitiid barre. De eventuele bou is pland foar de twadde helte fan 2018 of begjin 2019.

Plannen foar folslein WTC-terrein

De plannen dy't op dit stuit by de gemeente Ljouwert op tafel lizze geane om folle mear as in nij Cambuurstadion. Yn de plannen wurdt it folsleine WTC-terrein meinaam. It WTC sit finansjeel yn tige swier waar en stiet te keap. Meast serieuze kandidaat om it oer te nimmen is de sakeman Harry Westers, dy't al eigener is fan it WTC WestCord hotel.

Fierder moat it Dútske detailhannelsbedriuw Bauhaus dêr plak yn krije mei in boumaterialewinkel. Supermerk Lidl ferhuzet fan de Snekertrekwei nei it WTC terrein en bioskoopkonsern JT iepenet der in 3-D bioskoop. Mei ferskate oare bedriuwen wurdt noch praat.

Ferbou

As de gemeente net mei de plannen akkoart giet, komt der gjin nij Cambuurstadion. Allinnich in ferbouwing op de besteande lokaasje is dan noch in opsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)