De measte fytsen wurde stellen by stasjon Ljouwert

Fytsestalling © Omrop Fryslân
It stasjonskertier yn Ljouwert en it sintrum fan Drachten binne de plakken dêr't de measte fytsen stellen wurde in Fryslân. Yn 2015 waarden yn Ljouwert 176 fytsen stellen, yn Drachten 150. Dat docht bliken út Buurtfacts fan RTL Nijs. Dy hat ûndersyk dien nei de buerten dêr't de measte fytsen stellen wurde.
It docht bliken dat 1 prosint fan alle buerten goed is foar mear as in kwart fan alle fytsestellerijen. De plysje registrearre de ôfrûne seis jier mear as 630.000 stellen fytsen.
Yn Nijmegen en Enschede ha je de measte kâns dat je fyts stellen wurdt.