Wurkleazens ûnder 50-plus yn Fryslân nimt ôf
It oantal 50-plussers mei in wurkleazensútkearing nimt yn Fryslân it hurdst ôf fan hiel Nederlân. Lanlik is it oantal âldere WW'ers sûnt febrewaris mei 6 prosint ôfnaam, yn Fryslân is dat de helte mear. Dat docht bliken út sifers fan útkearingsynstânsje UWV. Foaral boufakkers fan fyftich-plus fine wer wurk yn Fryslân.