"30 miljoen boppeslach foar slûzen Koarnwertersân"

De Lorentzslûzen by Koarnwertersân © Rykswettersteat
It is in boppeslach dat de steat Nederlân 30 miljoen euro op it kleed leit foar it ferbreedzjen fan de slûzen by Koarnwertersân. Dat seit deputearre Klaas Kielstra. Hy giet derfan út dat de Twadde Keamer nije wike tiisdei mei in dúdlike mearderheid ynstimme sil mei in moasje fan VVD en PvdA oer it kompleks.
Mei it jild fan it ryk is de sinteraasje noch net hielendal klear. Kielstra sil noch nei Brussel ta en ek it Waadfûns moat ta de bûse. As it oan him leit, set it wurk oan de slûs yn 2019 útein. Yn 2021 moatte it klear wêze.