Nije ûngerêstens oer keunstgers nei nije warkôgings

Fuotbalklups hawwe mei ûngerêstens reagearre op it lêste nijs oer keunstgersfjilden. In toksikolooch sei snein yn it NOS-Journaal dat foar keunstgers rubber brûkt wurdt dat folle mear kankerferwekkende stoffen hat as bygelyks de rubberen tegels yn boarterstúntsjes. Neffens him wurde der ferskillende noarmen brûkt. Keunstgers soe like strang beoardiele wurde moatte as de rubbertegels yn boarterstunen, seit er. VC Trynwâlden sil de junioaren sa min mooglik fuotbalje litte op keunstgers. Zeerobben yn Harns wachtet earst it RIVM-ûndersyk ôf.
It ryksynstitút foar folkssûnens en miljeu (RIVM) docht ûndersyk nei de risiko's fan de rubberen kerrels dy't brûkt wurde yn keunsgersfjilden. Faak binne dy makke fan autobannen. De útkomsten fan it ûndersyk wurde yn de twadde helte fan desimber bekend makke.
Begjin oktober stjoerde Zembla in reportaazje út oer de kankerferwekkende stoffen yn keunstgers. Guon fuotbalklups hawwe doe fuortendaliks maatregels naam, bygelyks VV Bûtenpost. Dêr meie de bern oant 18 jier net mear fuotbalje op keunstgers. Ek net by útwedstriden by oare klups.