Straftraining UNIS Flyers út ûnfrede oer ynset op it iis

(argyffoto) © Martin de Jong
De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe ôfrûne wykein twa wedstriden wûn, mar dochs moatte se in straftraining dwaan fan trainer Mike Nason. Hy is min te sprekken oer de ynset fan syn ploech. Foaral de lêste twa perioade fan snein tsjin de Tilburg Trappers rôpen in soad argewaasje op by him. "It hiele team, net ien spiler útsûndere, stuts gjin enerzjy mear yn it spul. Sels nei't wy der flink wat fan sein hiene, feroare der neat oan de hâlding op it iis.
De Flyers hawwe dit seizoen noch gjin punt ferlern. De straftraining is tiisdei.