Kollum: "Leuker kunnen we het niet maken"
Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer foar ferskate Fryske media en wurket dêrneist by de NHL. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.
"De Belestingtsjinst krijt in tasichthâlder, lies ik dit wykein yn ‘e krante. Topambtenaar Harry Paul moat derfoar soargje dat de Belestingtsjint net mear safolle op eigen houtsje docht. Oan him de taak om sa gau as mooglik de greep fan it Ministearje fan Finânsje op de Belestingtsjinst wer wat te ferstrakken. De leie fan dit lossleine hynder wol it Ministearje wer wat steviger yn hannen krije.
Tsjong, tocht ik doe’t ik it lies. Kinst neigean hoe grut de ynfloed fan ús eigen Sietske Poepjes wol net is. Sy hat fan ‘e wike in ‘hartich’ wurdsje mei de Belestingtsjinst praat en hatsa, it Ministearje set der fuort in mantsje op.
En dat wie net it iennichste nijs oer de Belestingstjinst. Twa wike lyn waard nammentlik ek bekend dat de omstrieden nije DBA-wet fan steatssekretaris Wiebes foarearst fan de baan is. DBA stiet foar Deregulering Beoordeling Arbeidsrelatie. Mei oare wurden: as zzp'er kinst net mear oeral samar oan it wurk. Nee, by elke opdrachtjouwer moast mei in modelkontrakt fêstlizze hoe't de wurkferhâlding mei de baas der krekt útsjocht. Oars komt de fiskus efter dy oan mei grauwe boetes. In hiel gedoch en ûnhelber foar opdrachtjouwers.
Dat ûntduts Wiebes lang om let ek en dêrom stelt er syn plan no út oant jannewaris 2018. Mar ek al wurdt it noch in jier opskood, Wiebes seit ús no alfêst ta dat wy brave wurkjouwers en zzp’ers ús nearne drok om hoege te meitsjen aanst. De wet is allinnich fan tapassing op de echte ‘boeven’. Yn útsûnderlike gefallen sil de Belestingtsjinst de nije wet fan 1 maaie takom jier ôf nammentlik wol handhave. It giet dan om saneamde 'kwaadwillenden' en 'echte valsspelers', sa't Wiebes se neamt.
Dêrmei bedoelt er frauduleuze opdrachtjouwers, dy't benammen yn sektoaren mei leechbetelle banen aktyf binne. En no komt it: dat binne der yn hiel Nederlân net mear as tsien. Tsien? Ja, tsien. Net hûndert, tûzen of hûnderttûzen. Nee, tsien. Sterker noch: net mear as tsien. Dus it kinne der ek njoggen wêze, of acht. Kinst se yn alle gefallen op twa hannen telle. En noch folle slimmer: it binne bekenden fan de Belestingtsjinst.
Doe’t ik dat lies, bruts my de klompe. Dy Wiebes hat dus de ôfrûne tiid de hiele boel hjir yn Nederlân yn ûnstjoer brocht mei syn idioate nije regels foar zzp’ers en no blykt it úteinlik mar om minder as tsien bedriuwen te gean, dy’t er boppedat al lang yn it fizier hie. Sis no sels: dit is dochs net te leauwen?
Lykas tsientûzenen oare zzp'ers en wurkjouwers siet ik de ôfrûne tiid mei de hannen yn it hier fanwegen dy ûnsinnich hege boetes, wylst dat dus eins hielendal net foar ús bedoeld wie. In stoarm yn in glês wetter. En ik hear jim no al tinken: Nynke fanke, wêr makkest dy dan noch sa drok om? No, dat sil ik dy fertelle.
Lykas tsientûzenen oare zzp'ers en wurkjouwers siet ik de ôfrûne tiid mei de hannen yn it hier fanwegen dy ûnsinnich hege boetes, wylst dat dus eins hielendal net foar ús bedoeld wie. In stoarm yn in glês wetter. En ik hear jim no al tinken: Nynke fanke, wêr makkest dy dan noch sa drok om? No, dat sil ik dy fertelle.
Ik ken zzp’ers dy’t in opdracht nét krigen ha, omdat de wurkjouwer it net oandoarde mei al dat geëamel oer de nije regels. Mei oare wurden: der binne serieus minsken no al de dupe wurden fan dit foarnommen wetsfoarstel noch foardat it überhaupt yngien is. Hurdwurkjende selsstannigen dy’t jild misrinne omdat Wiebes drige de hiele klasse straf te jaan yn stee fan dy iene pestkop by kop en kont te pakken en yn de hoeke te setten.
It sil wol net ienfâldich wêze om in goede wet te betinken, dat leau ik fêst. Mar somtiden tink ik dat wy it mei ús gewoane boereferstân hast noch better betinke kinne as dy amtners dêr yn Den Haach. Om noch mar te swijen fan de minsken by de Belestingtsjinst, mei hun: ‘Leuker kunnen we het niet maken, wel makkelijker’. Hâlde jim it no earst mar ris by: ‘Waarom moeilijk doen als het makkelijk kan’. Sjogge wy dan wol oft it ek noch leuk wurdt."