Karwan: "In IJsland komt jouw jas ook goed van pas"

De tritichjierrige Karwan Hussein út Irak hat de winterjas fan ús ferslachjouwer Auke Zeldenrust krigen. Goed trije wike lyn binne yn Fryslân tûzenen winterjassen sammele foar de flechtlingen op Lesbos yn Grikelân. De jassen binne dêr hurd nedich, want ek yn Grikelân is it kâld. Ien fan de jassen is dy fan ferslachjouwer Auke Zeldenrust. De ôfrûne trije dagen hat Auke Zeldenrust syn jas folge. Snein hat de Irakees Karwan Hussein syn winterjas krige.
Karwan Hussein hat fiif jier yn Nederlân wenne, mar krige gjin ferbliuwsfergunning. Hy moast dêrom wer werom nei Irak. Net folle letter begûn dêr de oarloch en it terrorisme fan Islamityske Steat. Karwan is doe flechte nei Turkije, dêr wiene hy en syn famylje ek net feilich, om't se Koerdysk binne. Foar 2500 Amerikaanske dollar binne se mei 45 oaren op in boatsje nei Lesbos fearn. Dêr wachtsje Karwan, syn frou en dochters fan oardel jier, ôf wêr't se yn Europa te plak kinne. Karwan sels wol graach nei Yslân. "Daar komt jouw jas ook goed van pas", sei Karwan tsjin Auke Zeldenrust.
Auke Zeldenrust is op syn reis te folgjen fia Twitter.