Moasje foar 30 miljoen euro foar bredere slûs Koarnwertersân

De VVD en de PvdA yn de Twadde Keamer tsjinje moandei in moasje yn om 30 miljoen euro beskikber te stellen foar de ferbreding fan de slûzen by Koarnwertersân. De slûzen binne no te smel foar guon skippen. Beide partijen wolle de oanpak stypje, om't it goed is foar de regionale ekonomy en soarget foar mear wurkgelegenheid.
In bredere slûs kostet 150 miljoen euro. Regionale oerheden en bedriuwen ha in grut part fan dat jild al binnen. Mei de moasje wurdt der no maksimaal 30 miljoen euro ryksjild reservearre foar de ferbreding.
Aukje de Vries fan de VVD is bliid: "Poerbêst nijs foar Fryslân dat der no ek echt jild reservearre wurdt foar Koarnwertersân. It projekt soarget foar ekstra banen yn de regio, en bedriuwen as De Vries Makkum kinne hjir fan profitearje en fierder groeie." Ek Lutz Jacobi fan de PvdA is der wiis mei: "De ferbreding fan de slûs is in moaie boppeslach. Net allinnich foar mear wurk, de skipfeart en it ferkear, mar it hâldt ek de krimp tsjin."