SC Hearrenfean kin net op tsjin Ajax en ferliest mei 1-0

SC Hearrenfean hat snein de topper tsjin Ajax mei 1-0 ferlern. Davy Klaassen waard foar de Amsterdammers de matchwinner. Hy makke nei 71 minuten spyljen de iennige goal yn it Abe Lenstra Stadion. Hearrenfean siet der boppe-op by Ajax, mar it slagge de Feansters net om in doelpunt te meitsjen. Beide ploegen krigen benammen yn de earste helte goeie kânsen, mar beide keepers koene harren goal lang skjinhâlde.
Troch de nederlaach en de oerwinning fan AZ sakket Hearrenfean ien plakje yn de earedifyzje. It stiet no op it fiifde plak mei 23 punten.
Fûl op 'e hûd
De earste mooglikheid fan de wedstriid kaam op namme fan de Amsterdammers. Klaassen krige in sjitkâns, mar fia keeper Erwin Mulder gie de bal njonken de goal. Ek de Feansters krigen nei goed in kertier spyljen de earste kâns. Pelle van Amersfoort koe nei in moai passke fan Sam Larsson úthelje, mar it skot wie te slop om it Ajax-doelman André Onana dreech te meitsjen. SC Hearrenfean siet Ajax fûl op 'e hûd en dat smiet noch in kânske op foar Reza Ghoochannejhad. Hy draaide knap fuort, mar syn ynset gie foar de goal del.
Nei goed in healoere spyljen krige Kasper Dolberg foar Ajax de bêste kâns om syn ploech op foarsprong te setten, mar hy skeat oer. Twa minuten letter waard Hearrenfean wer gefaarlik, mar Onana koe Van Amersfoort op 'e nij fan skoaren ôfhâlde. Oan de oare kant mocht de ploech fan Jurgen Streppel harren keeper Mulder tankber wêze, want oan de ein fan de earste helte foarkaam hy mei in goeie reaksje de 0-1.
Iepeningstreffer
It wie yn de twadde helte lang wachtsjen op grutte mooglikheden, mar nei goed in oere kaam de wedstriid los. Nei in rommelige situaasje foar de goal fan Mulder koe Amin Younes foar Ajax sjitte, mar syn skot gie meters oer. Ut de oanfal dêrnei skeat Sam Larsson de bal oan de oare kant yn de hannen fan Onana. Yn de 71ste minút bruts Klaassen de wedstriid iepen. Hy skoarde de 1-0 foar Ajax nei in goed passke fan Donny van de Beek. Younes hie dêrnei de 2-0 meitsje kinnen, mar Mulder koe noch krekt op 'e tiid yngripe.
Nettsjinsteande it ynbringen fan spits Henk Veerman yn de slotfaze, krige Hearrenfean gjin kânsen mear op de lykmakker. Ek ynfaller Michel Vlap fan Snits, dy't syn debút makke foar Hearrenfean, koe neat mear feroarje oan de tuskenstân.