Brânwacht oproppen nei Dokkum, Aldehaske en De Feanhoop

De Fryske brânwacht hie it sneintemoarn al drok. Op trije plakken waarden se oproppen. Yn Dokkum wie brân yn in skuorre by in pleats oan de Betterwird. De skuorre gie ferlern. Yn Aldehaske wie op rekreaasjepark Nannewiid brân ûntstien yn in oanbou fan in caravan, mar dat foel ta.
En út yn De Feanhoop kaam ek in melding, dêr gie it om in trekker dy't yn 'e brân rekke wie. De boer wist foar te kommen dat de brân grutter waard. De brânwacht hat de trekker neiblust en de stâl fentilearre.