'SAM Waadhoeke' nije partij yn gemeente de Waadhoeke

De nije gemeente Waadhoeke hat der in nije politike partij by. D66, GroenLinks, PvdA en Werkgroep het Bildt foarmje tenei mei-elkoar de nije partij 'SAM Waadhoeke'. Dêr hawwe se sneon de oerienkomst foar tekene. Se diene dat yn Rie, omdat by dat doarp de grinzen fan de âlde gemeenten Frjentsjerteradiel, It Bilt en Menameradiel by elkoar komme.
De fjouwer partijen gean mei dizze gearwurking yn tsjin de trend fan fersnippering yn de polityk. De nije partij giet foar mei-elkoar sosjaal, foar de natuer en foar mei-elkoar bestjoeren.