FOTO: Explore the North yn histoaryske binnenstêd Ljouwert

De histoaryske binnenstêd fan Ljouwert waard freed en sneon brûkt as toaniel foar de fjirde edysje fan it festival Explore the North. Op ferskate bysûndere lokaasjes wiene presintaasjes fan muzyk, literatuer, byldzjende keunst, teäter en oare keunstfoarmen fan artysten út binnen- en bûtenlân. De organisaasje fan Explore the North gie nei eigen sizzen op syk nei it moaiste dat it kulturele libben yn Fryslân te bieden hat en nûge dêrby in grut tal ynternasjonale gasten út. Fotograaf Joris Kalma wie derby.