CDA plantet krookjes yn alle plakken fan de Waadhoeke

Yn alle plakken fan de de nije gemeente Waadhoeke wurde sneon krookjes plante by de plaknammebuorden. It giet om in inisjatyf fan it CDA yn de gemeente. Tsientallen riedsleden, wethâlders en ek deputearre Sander de Rouwe binne der by. Der binne 41 plakken dy't fan 2018 ôf by de Waadhoeke hearre.
De start fan de CDA-aksje wie yn Baaium, it lytste doarp dat aanst by de gemeente heart. De CDA'ers einigje yn Frjentsjer. It CDA wol mei de aksje sjen litte dat de partij mear as foarhinne belutsen wêze wol by de ynwenners,