UPDATE: Eigener fûn fan scooter yn sleat by Lekkum

De plysje hat de bestjoerder fûn fan de skooter dy't sneontemoarn oantroffen waard yn in sleat by it Kealledykje by Lekkum. Dûkers hiene yn de sleat socht, mar koene de man net fine. Hy wie gewoan thús. De plysje hat him heard.
De 28-jierrige man rekke freedtenacht mei syn scooter fan de dyk yn de sleat en naaide út omdat er gjin rydbewiis hat. De scooter wie ek net fersekere, sa meldt de plysje.