Auto yn de sleat by Koarnjum: ynsittende mei de skrik frij
In 84-jierrige man út Ljouwert is freedtejûn by Koarnjum mei de auto yn de sleat bedarre. De man ried op de rotonde rjochtút en rekke fia de berm yn de sleat. Der wiene gjin oare auto's belutsen by it ûngelok.
De brânwacht hat him út de auto helle en oerdroegen oan it ambulânsepersoniel. It slachtoffer koe nei behanneling nei hûs.