Brân yn wenhús yn Aldegea (Sm.)

De flammen slaan út de boppeferdjipping © De Vries Media
Yn in wenhûs oan de Buorren yn Aldegea Smellingerlân is yn de nacht fan freed op sneon brân ûntstien. Doe't de brânwacht oankaam, sloegen de flammen al út de boppeferdjipping. It is net dúdlik oft der ek minsken ferwûne rekke binne, der hat in ambulânse by west om de bewenners nei te sjen. Hoe't de brân ûntstean koe, is net bekend.