Bart Canoy: 4 oant 11 prosint feroardielingen ûnterjochte

25 nov 2016 - 22:35

Strafrjochtadvokaat Bart Canoy fan Ljouwert is net fernuvere oer in ûndersyk wêrút blykt dat tusken de 4 oant 11 prosint fan alle feroardielingen yn it strafrjocht net terjochte blykt. Neffens ûndersiker Ton Derksen dy't dizze wike it boek Onschuldig Vast útbrocht binne der twa oarsaken oan te wizen.

Al of net bewust doge dossiers yn strafsaken net en ek docht bliken dat in soad juristen net goed genôch oplaat binne om oan 'empirische waarheidsvinding' te dwaan. Dat jildt trouwens ek foar de advokatuer, neffens Canoy.

"We moeten de hand ook in eigen boezem steken, al is het niet de taak van een advocaat, hij of zij behartigt uitsluitend de belangen van een verdachte". De Ljouwerter advokaat pleitet derfoar om de saneamde 'herzieningsprocedure' oan te passen nei Ingelsk foarbyld. "Niet een nieuw feit maar het aantonen dat de argumenten om tot een veroordeling te komen wellicht niet deugden. Je ziet in Engeland meer herzieningszaken leiden tot minder onterechte veroordelingen", seit Canoy.

Trefwurden: 
Bart Canoy strafrjocht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)