Rederij Abis Shipping yn Harns fallyt

25 nov 2016 - 20:50

Rederij Abis Shipping yn Harns hat it fallisemint oanfrege. It bedriuw hat gjin oplossing fûn foar syn jildproblemen. Abis is spesjalisearre yn it ferfieren fan swiere ûnderdielen foar de oalje- en gasyndustry en foar wynparken op see. Fanwegen it fuort fallen fan opdrachten, siet it bedriuw mei te folle kapasiteit. Dêrtroch ûntstie der in delgong yn de prizen en dy koe Abis net langer opfange.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)