GGD's teste nije mjitapparaten oerlêst reek fan houtkachels

Houtkachel © Scoopshot, Ria Van Zwieten
De GGD's yn Noard-Nederlân wolle opnij sjen nei de ynstruminten dy't brûkt wurde om reek fan houtkachels te mjitten. Dat meldt RTV Drenthe. De reden is it tanimmend tal klachten fan minsken oer reek fan houtkachels. De fynstof yn dy reek kin kankerferwekkend wêze en minsken kinne der stress fan krije of problemen mei it sykheljen.
Ferline jier die de GGD al in earste ûndersyk. Yn it nije ûndersyk wol de GGD ek oare mjitapparatuer teste.
Net alle apparaten meaten like krekt
Frans Greven fan de GGD seit dat se by ferskate minsken metten hawwe dy't seine lêst te hawwen. Op de testapparaten fan doe seagen se dat de wearden yn guon gefallen te heech wiene. It probleem is dat de apparaten net allegearre like krekt mjitte. "Die hele houtrookproblematiek is een witte vlek. We moesten vorig jaar ergens beginnen. Nu lijkt het erop dat we wat kunnen vinden."
Meldpunt reekoerlêst
Roland van der Hoek fan it lanlik Meldpunt Rookoverlast yn Drachten fynt dat gemeenten mei it ûndersyk in ferkearde kar meitsje. "In djoer mjitynstrumint kostet sa'n 20.000 euro. As gemeenten mei-elkoar sa'n apparaat oanskaffe falle de kosten wol ta".
Dútske regels as foarbyld
Van der Hoek fynt ek dat gemeenten better de Dútske regeljouwing oernimme kinne. Dêr is de bewiisfiering omdraaid, want dêr moat de stoker oantoane dat er it goed docht. "Sûnensskea troch houtreek is dreech oan te toanen. Yn Dútslân moatte minsken mei in houtkachel dêrom ferplicht twa kear yn it jier in roetmeunster út de piip nimme litte. Sa kinne sy oantoane dat it hout op in goede wize ferstookt is. Neffens Van der Hoek foarkomme jo mei de Dútske regeljouwing ek rûzje mei de buorlju. "Controle is beter dan dat je moet bewijzen dat je last hebt."
Undersykssubsydzje
De GGD hat foar it ferfolchûndersyk subsydzje tasein krigen troch de Academische Werkplaats Milieu en Gezondheid. Se hoopje ek noch op in bydrage fan it ryk.