Boalserterwei yn Snits kin no freed wer brûkt wurde

Boalserterwei yn Snits © Google Streetview
De Boalserterwei yn Snits giet no freed wer iepen foar it ferkear, útsein foar bussen. Dat is in wike letter as pland. De drokke dyk tusken it sintrum en it sikehûs hat in opknapbeurt hân, mar dat duorre langer as ferwachte. Dat kaam ûnder oare omdat de grûn smoarger wie as tocht en omdat der kabels op oare plakken leinen as dat op de kaart stie. Net alles is klear: sa moatte der noch stoepen straat wurde. De bussen kinne fan nije wike tongersdei ôf wer oer de Boalserterwei.