Achtkarspelen wurket oan oplossing ûnfeilige ynternetside

Gemeente Achtkarspelen
De gemeente Achtkarspelen is drok dwaande om problemen mei de befeiliging fan de ynternetside en de e-mail op te lossen. Dat skriuwe boargemaster en wethâlders oan de fraksje fan Gemeentebelangen Achtkarspelen. Dy hie de side en de e-mail fan de gemeente test en kaam derachter dat net alles like feilich is.
Boargemaster en wethâlders binne op de hichte fan de problemen en wurkje deroan om dy te ferhelpen.