Oanlis glêsfezel yn bûtengebieten troch provinsjale liening

​De provinsje komt mei in nije oanpak by de oanlis fan glêsfezel yn de Fryske bûtengebieten. Deputearre Sietske Poepjes komt mei in 'tender' wêrby't merkpartijen harren melde kinne. Sy kinne yn oanmerking komme foar in liening, om hjirnei yn trije jier tiid ynternet oan te lizzen by 25.000 húshâldens op it plattelân yn Fryslân.
Oandielhâlder
Earder hie de provinsje it plan om oandielen te nimmen yn it bedriuw Kabelnoord. Mar dêr sjocht deputearre Poepjes no fan ôf omdat it mooglik by de rjochter oanmurken wurde sil as steatsstipe. Foar de liening dy't de provinsje no beskikber stelt, is gjin oanbestegingsproseduere nedich.
Proseduere
Yn maaie kinne bedriuwen har dan ynskriuwe. Dêrút selektearret de provinsje in kandidaat. Wol moat Provinsjale Steaten akkoart gean mei de nije proseduere.