Luimstra Surhuzum wint ûndernimmerspriis Achtkarspelen

© Google Streetview
Lean- en transportbedriuw Luimstra út Surhuzum hat de ûndernimmerspriis Achtkarspelen 2016 wûn. It bedriuw wie ien fan de trije nominearren. De sjuery hat ûnder oare sjoen nei maatskiplik ferantwurde ûndernimmen. Neffens de sjuery set Luimstra him yn foar kwalitative wurkgelegenheid en spilet it bedriuw goed yn op feroarings yn de merk. By Luimstra wurkje 25 minsken.
''Bij Luimstra geldt: een man een man, een woord een woord. Met keihard werken is een mooi bedrijf opgebouwd. Ze staan dag en nacht klaar voor hun klanten", sei sjueryfoarsitter Joop Atsma.