FIDEO: VC Snits hâldt foarm fêst mei winst op Flamingo's

De follybalsters fan VC Snits hawwe de goeie foarm yn de earedifyzje fêsthâlden. De ploech fan coach Petra Groenland wûn mei 3-1 fan Flynth Flamingo's út Gennep, de nûmer fiif fan de earedifyzje. It waard 25-19, 23-25, 25-19 en 26-24.
De earste set waard mei in riante marzje wûn yn 25-19. De twadde set gie dreger. Snits kaam noch werom fan 10-16 oant 18-18, mar ferlear dochs mei 23-25. De tredde set waard opnij pakt yn 25-19. De fjirde set wie spannend, mar Snits sleepte de oerwinning mei 26-24 binnen.
Flynth Flamingo's hie de thúswedstriid tsjin Snits noch mei 3-0 wûn. Troch de winst hânhavenet VC Snits him op it 2e plak yn de earedifyzje, efter Sliedrecht Sport. Se hawwe no 24 punten út tsien wedstriden.