Dongeradiel: Wachtlisten WMO falle wol wat ta

It gemeentehûs fan Dongeradiel yn Dokkum © Omrop Fryslân
Sykte en in grut ferrin by it personiel hat der mei foar soarge dat der wachtlisten binne by it gebietsteam fan Dongeradiel. Der binne wol ferfangers oannommen, mar it ynwurkjen dêrfan hat tiid koste. Dat skriuwe boargemaster en wethâlders fan Dongeradiel, yn antwurd op fragen fan de fraksje fan Dongeradeel Sociaal.
De fraksje krige lûden dat der lange wachtlisten wêze soene by de WMO (Wet Maatschappelijke Ondersteuning). B. en w. fine lykwols dat it mei de wachtlisten wol wat tafalt.
Dy wachtlisten binne net langer as gemiddeld en alle meldingen wurde binnen de wetlike termyn ôfhannele. Under de WMO falt bygelyks de húshâldlike help, begelieding, deibesteging of opfang yn gefal fan húslik geweld.